Jorritsma wol twadde termyn

John Jorritsma wol noch graach in twadde termyn oanbliuwe as kommissaris fan de Kening yn Fryslân. Dat hat hy oan de Fryske steaten witte litten. Hy wol net sizze hoe't der op syn foarstel reagearre is. Jorritsma seit dat hy it tige nei it sin hat yn Fryslân en noch graach seis jier bliuwe wol.
Hy hat der fertrouwen yn dat dit goed komt. De termyn fan Jorritsma rint op 16 maaie 2014 ôf. In nije beneaming giet fia in fertrouwenskommissje fan de steaten dy't in oanbefelling docht oan de minister fan Binnenlânske Saken, dy is ferantwurdlik.