Fryske sealen moatte Frysker

CDA
De Fryske sealen yn it gebou fan it departemint fan Binnenlânske Saken yn Den Haach moatte ek Frysk ynrjochte wurde. Dat fynt CDA-Fryslân. Dy hat hjiroer fragen steld oan de provinsje.
Yn it nije gebou binne de gearkomsteromtes ferneamd nei de tolve provinsjes, bekende natuergebieten, haadstêden en de Waadeilannen. By de ynrochting fan de sealen is hielendal gjin ferwizing nei Fryslân sichtber. It CDA wol no dat de provinsje kontakt opnimt mei it ministearje om de Fryske sealen fan in Frysk aksint te foarsjen.