Earste risping lamsearen

10 sep 2013 - 12:22

Yn de kassen fan it Nordwin Kolleezje en Hegeskoalle Van Hall yn Ljouwert is it ôfrûne jier wurke oan it kweken fan de sâlte grienten lamsear en seekraal yn in spesjale sâlte kas. En net sûnder súkses, want tiisdeitemoarn krige kok Albert Kooij fan Hegeskoalle Stenden it earste kistje mei lamsearkes. Kooij wie bysûnder te sprekken oer de kwaliteit fan de griente. Neffens him giet it om in streekprodukt mei 'grutte kulinêre potinsje'.

Lamsear kin rau iten wurde, mar it kin ek bakt wurde en iten yn kombinaasje mei fleis of fisk.

De lamsear en seekraal binne kweekt troch hydrokweker Timo ter Voort. Hy wol besykje om it lamsear takom jier ek kweke te litten troch in grienteteler oan de Waadkust. Ter Voort hat grutte ferwachtings fan lamsear, omdat it in bysûynder sûne griente is. Ter Voort stribbet der nei dat lamsear yn plak fan in 'eksklusyf en kulinêr' produkt in 'gewoane griente' wurdt, dy't yn alle supermerken leit.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)