Sven Kramer rydt net op NK

25 jan 2012 - 09:39
Sven Kramer - Foto: ANP

Sven Kramer docht net mei oan it NK allround begjin febrewaris yn Thialf. Neffens Kramer past it NK net yn syn skema, om't it WK allround in pear wiken letter hâlden wurdt. Kramer hat him mei it winnen fan it EK allround fuort pleatst foar it WK en hoecht dus net mei te dwaan oan it NK.

(Advertinsje)
(Advertinsje)