Cambuurfak 't Fean útferkocht

© Omrop Fryslân
It útfak yn it Abe Lenstrastadion sit op 29 septimber grôtfol mei Cambuursupporters. It hiele fak is útferkocht. Alle goed 1200 kaarten binne fuort. Ferline wike is de foarferkeap begûn. It hiele stadion is noch net útferkocht. Foar Hearrenfeansupporters en oaren binne der noch wol kaarten beskikber.
It is trettjin jier ferlyn dat de wedstriid tusken beide Fryske klups yn de earedivyzje spile waard. De winst wie doe foar Hearrenfean.