Unrêst oer húsdokters Skier

Op Skiermûntseach is ûnrest ûnstien oer de hûsdoktersoarch op it Waadeilân. Húsdokter Dick Zaal hat it kontrakt fan waarnimmend hûsdokter Pauline Kouwenhoven iensidich opsein. Reden dêrfan is dat Kouwenhoven har net ynkeapje wol yn de maatskip en de praktyk fan dokter Zaal. De húsdokter hat dêrop in oare waarnimmer socht en fûn.
Guon eilanners binne skrokken fan it beslút fan Zaal en binne benaud dat de jonge húsdokter it eilân mooglik ferlit. Der binne sels protestaffysjes ophongen mei de tekst 'Dokter P. moet blijven'.
Kouwenhoven skriuwt yn in brief oan de eilanners dat se ûnder druk set is troch Zaal en te min ynformaasje krige hat oer de praktykadministraasje. Dêrtoch wiene foar har de konsekwinsjes foar in praktykoername net goed te oersjen. Soarchfersekerder De Friesland is yn petear mei belutsen partijen en wol dat der gau dúdlikens komt oer de húsdoktersoarch op Skier.