iPhone út klaaikeamer stellen

09 sep 2013 - 14:28

Trije ynwenners fan Snits, twa fan 13 en ien fan 36 jier, binne sneintemoarn troch de plysje fan Snits oanhâlden op fertinking fan it stellen en trochferkeapjen fan in iPhone. De stellerij wie op sneontemiddei út in klaaiboks fan in fuotbalferiening oan de Molenkrite. Dêr waarden de beide jonges fan 13 jier fuortstjoerd, omdat se dêr neat te sykjen hiene.

Letter die bliken dat in 23-jierrige Snitser syn iPhone miste. Hy seach dat syn telefoan op ynternet te keap oanbean waard. De plysje hat doe de 36-jierrige heler oanhâlden.

By it ûndersyk kamen de jonge dieven ek yn byld. Alle trije fertochten waarden oanhâlden en meinaam nei it buro foar ferhear en it opmeitsjen fan proses-ferbaal.

Trefwurden: 
Snits stellen heler iPhone
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)