Poiesz ferleget prizen ek
Klanten fan de Fryske supermerkketen Poiesz fernimme yn de eigen supermerk dat lanlike konkurrint Albert Heijn de prizen fan in 1000 produkten ferlege hat. De Fryske keten giet mei yn dy priisferleging.
It is in priisferleging dy't de ferhâldings sa op skerp set dat der wer praat wurdt oer in supermerkoarloch. Al wol algemien direkteur Piet Smit fan Poiesz safier net gean. Dit soarte bewegings hearre neffens him by it karakter fan de merk.
Smit tinkt net dat Poiesz der echt lêst fan hawwe sil op de lange termyn. Der wurdt noch hieltyd ynvesteard yn de relaasje mei klanten troch bygelyks aksjes en dat docht foaral op dy lange termyn fertuten.