Plysje siket stellen fytsen

09 sep 2013 - 11:03

De plysje hat moandei by in kontrôle yn Ljouwert fjirtjin stellen fytsen fûn. De kontrôles fûnen plak op trije skoalle en op it NS-stasjon. It gie mei help fan in framenûmerlêzer. Dy stiet yn ferbining mei de Dienst Wegverkeer en dy wit hokker fytsen as stellen registrearre stean. It is dêrby wichtich dat de eigener fan de stellen fyts oanjefte dien hat.

De stellen fytsen binne yn beslach naam. Se wurde werombrocht as de eigener te achterheljen is.

De learlingen mei fytsen dy't net harren eigendom binne, moatte harren ynkoarten melde op it plysjeburo.

Trefwurden: 
kontrôle fyts stellen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)