Festival Flylân wer súkses

09 sep 2013 - 07:47

De fyfde edysje fan it festival Into The Great Wide Open op Flylân is dit wykein prima ferrûn. It festival wie stiif útferkocht. Seistûzen minsken wiene op it eilân om te genietsjen fan muzyk, keunst en de natuer.

Fanwege de droechte hie de organisaasje in smookferbod ôfkundige en neffens de gemeente hat elk him dêr goed oan hâlden. It wykein is sûnder ynsidinten ferrûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)