Thomas van Zuiden ûnder it mes

Keatser Thomas van Zuiden hat syn keatskarriêre snein foarearst ôfsletten mei in tredde priis yn Marsum. Mei Gert-Anne van der Bos en Alle Jan Anema ferlear er de heale finale mei 5-4 en 6-4 fan Bauke Triemstra, Taeke Triemstra en Pier Piersma.
De Tsjerkwerter sil tiisdei in nije krúsbân krije. Dêrtroch mist er de Aldehoupartij, tradisjoneel de lêste partij fan it seizoen. Nei alle gedachten sil de kening fan de PC yn 2012 in healjier út de rûlaasje wêze. Fan definityf stopjen is lykwols gjin sprake, lit er witte.