Nije site Waddenpost.nl

Persbureau Ameland hat in nije ynternasjonale website lansearre foar nijs, ferhalen, foto's en filmkes fan en oer alle Waadeilannen yn Nederlân, Dútslân en Denemarken. Mei inkelde tsientallen entûsjaste meiwurkers en in pear hûndert artikels út it hiele Waadgebiet groeit de site as koal.
Eigener Jeanet de Jong fan it Amelanner parseburo wol besykje om jild te fertsjinjen mei Waddenpost.nl. De Jong fernimt as free-lance sjoernaliste dat de 'âlde media' min betelje. Boppedat kinne se ek lang net alle ferhalen brûke.