Auto's mei hakekrús bespuite

Yn Langsweagen binne yn de nacht fan freed op sneon in tsiental auto's mei in spuitbus bewurke. Op guon dêrfan wie in hakekrús spuite. De auto's stiene ûnder oare oan De Finne, De Klap en Lang Ein. It wie doarpsfeest op it stuit dat it barde.
De plysje hat de eigeners fan de auto's advisearre oanjefte te dwaan. Der wurdt fierder ûndersyk dien nei de saak.