Rutger Hauer ûnderskieden

07 sep 2013 - 20:47

Akteur Rutger Hauer is sneon beneamd ta ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw. Hy krige de ûnderskieding út hannen fan kommissaris fan de Kening John Joritsma. Dy kaam derfoar nei it hûs fan Hauer yn Beetstersweach.

Rutger Hauer is wrâldferneamd as akteur, ûnder oare troch syn rollen yn grutte Hollywoodfilms lykas Blade Runner en Batman Begins. Op dit stuit spilet er yn de populêre searje Dark Blood.

Trefwurden: 
lintsje Rutger Hauer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)