Nije fuotbalregels fan krêft

© Omrop Fryslân
De amateurfuotballers spylje dit wykein foar it earst mei nije spulregels fan de KNVB. It fuotbalbûn hat de regels oanskerpe om geweld op de fuotbalfjilden tsjin te gean. Foar de fuotballers, dy't dit wykein wer mei de kompetysje úteinset binne, is de 10-minute-regeling de meast yngripende feroaring. Spilers mei in giele kaart moatte even it fjild út.
De nije regeling jildt net foar alle teams fan it amateurfuotbal. De earste alvetallen fan de klups falle derbûten.
De KNVB hat mear feroare om geweld tsjin te gean. Sa is der in spesjaal neednûmer dat leden belje kinne as it misgiet op it fjild en moatte ferienings gedrachsregels publisearje.