Ferkearde man ûntfierd

De plysje hat freedtejûn in 31-jierrige ynwenner fan It Hearrenfean oanhâlden op fertinking fan bedriging en ûntfiering. Earder op de jûn wie hy nei it hûs fan in 26-jierrige man gien. Dy soe noch in grutte rekken te beteljen hawwe by in kafee yn de gemeente Skarsterlân.
De man wie him lykwols fan gjin kwea bewust en woe net betelje. De fertochte bedrige de man en twong him mei te gean nei it betreffende kafee. It slachtoffer hie noch kâns sjoen in famyljelid te beljen en dy warskôge de plysje.
De plysje gie nei it kafee en konstatearre dat de 26-jierrige man yndie gjin skuld hie. It slachtoffer hat oanjefte dien fan bedriging en ûntfiering. De fertochte is dêrop oanhâlden en meinaam nei it buro foar neier ûndersyk.