Wedstriid trije sterke manlju

07 sep 2013 - 14:30

Trije sterke manlju giene freedtejûn yn Surhústerfean de striid mei-elkoar oan om de titel Sterkste Man fan Fryslân. Dat binne Wout Zijlstra, seisfâldich Frysk kampioen Jan Wagenaar en it grutste Fryske talint op dit stuit, Kelvin de Ruiter.

Foar Wout Zijlstra wie it foar it earst sûnt jierren dat er wer ris oan in wedstriid foar sterke manlju meidie. Foar de Flits fan Folsgeare bliuwt it ek by dy iene kear. Foar de beide oaren wie it in goede tarieding op it Frysk kampioenskip dat op 5 oktober yn Boazum hâlden wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)