Miljoeneboek nei Tresoar

07 sep 2013 - 14:05

In ieuwenâld blommeboek dat troch de 17e ieuske keunstner Franciscus de Geest út Ljouwert skildere is en yn de nasjonale biblioteek yn Rome leit, kaam sneon oan by Tresoar yn Ljouwert. Dêr is it te sjen op in eksposysje.

It bysûndere boek is fersekere foar in miljoen euro, hie in eigen stoel yn it fleantúch en waard begelaat troch boekespesjalist Margherita Breccia. Sy moast kontrolearje oft it boek goed te plak kaam. Neffens Tresoar hoege de Italianen harren gjin soargen te meitsjen, want se bewarje mear djoere boeken.

Trefwurden: 
Tresoar blommeboek
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)