Winkel ûntromme yn Stiens

Winkel yn Stiens © Anton Kappers
De C1000 oan it Vitusplein yn Stiens hat sneontemoarn koart ûntromme west fanwege in brânalarm. It personiel hat de winkel fuortendaliks ûntromme en de alarmtsjinsten belle. Dúdlik waard dat de oarsaak lei yn in friezer, dêr't koartsluting ûntstien wie.
De oproppen brânwachtkorpsen fan Ljouwert, Hallum en Harns hoegden net yn aksje te kommen. De friezer is útskeakele en dêrnei koene de klanten de winkel wer yn.