Ljouwerters pakt foar heling

07 sep 2013 - 09:49

Mei help fan in alerte tsjûge hat de plysje freedtejûn twa ynwenners 27 en 47 út Ljouwert oanhâlden op fertinking fan stellerij en heling. De tsjûge seach de manlju fertocht omhingjen by in loads oan de Aldlânsdyk en warskôge de plysje. Doe't dy kaam sieten de manlju krekt yn in auto.

Yn de auto waard in stellen fyts fûn. De manlju waarden dêrom oanhâlden. De auto wie net fersekere en yn de loads fûn de plysje mear guod dat nei alle gedachten stellen wie, lykas in bûtenboardmotor, in boattrailer en in steiger.

Alle guod is yn beslach nommen en de manlju binne ynsletten foar neier ferhoar.

Trefwurden: 
Ljouwert heling
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)