Stroetinga wint fan Cavendish

07 sep 2013 - 08:33

Wim Stroetinga hat freed by ynternasjonale baanwedstriden yn Gent de Britske topsprinter Mark Cavendish ferslein. Op it ûnderdiel scratch wûn Stroetinga fan de Brit mei in geweldige lêste sprint. Cavendish is op de baan oan it fytsen omdat hy punten garje wol foar de wrâldbekerwedstriid yn Manchester.

Wim Stroetinga is spesjalist op de scratch, ferline jier wûn hy by it WK brûns op dit ûnderdiel, earder ek alris twa kear sulver.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)