4000 euro foar Serious Request

07 sep 2013 - 08:17

De septimberfeiling foar Serious Request hat freed in rekôrbedrach fan goed 4.000 euro opbrocht. De sânde feiling wie net yn de Blokhúspoarte, mar op Ljouwert Kulinêr, omdat de Blokhúspoarte op dit stuit brûkt wurdt foar it iepenloftspul De Overval. Topkoks Marco Poldervaart, John Legebeke en Joop Braakhekke wiene de feilingmasters en se soargen derfoar dat it publyk fanatyk tsjin elkoar op biede woe.

De opbringst is foar de aksje fan radiostasjon 3FM dy't yn desimber mei it glêzen hûs op it Saailân yn Ljouwert stiet.

De folgjende feiling is wer op de earste freed yn oktober, dan wer yn de Blokhúspoarte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)