Frysk mei net lije ûnder fúzje

24 jan 2012 - 21:01

It Frysk mei net lije ûnder de oansteande fúzje tusken de regionale omroppen en de lanlike publike omrop. Dat seit kommisjelid Marieke Sanders fan de Raad van Europa nei in harksit oer it Frysk as minderheidstaal. De kommisje spruts tiisdei mei 19 ynstânsjes oer de steat fan it Frysk.

De kommisje ûndersiket oft it Ryk syn ôfspraken wol neikomt dy't earder fêstlein binne yn it ferdrach om minderheidstalen yn Europa te beskermjen. De Omrop is neffens de kommisje ien fan de bêste ynstruminten om de taal troch te jaan.

Yn opdracht fan de minister ûndersiket de kommisje Hoekstra de mooglikheden fan in status aparte foar de Omrop yn it bestel nei de fúzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)