Nij gastankpunt foar Arriva

06 sep 2013 - 15:04

Ljouwert hat der in tredde gaspomp foar bussen fan Arriva by. Dy stiet by it winkelsintrum oan de Sniterstrekwei. Deputearre Johannes Kramer en wethâlder Thea Koster iepenen de tredde gaspomp freed. Der ride no 23 bussen en 16 bussen foar it learlingferfier op gas. Wat de provinsje oanbelanget rint Ljouwert dêrmei foarop.

It stasjon yn Ljouwert moat it foarbyld wurde foar alle stasjons yn Ljouwert, want Arriva wol ek hieltyd duorsumer wurkje. Sa wurdt der ek op oantrune by de sjauffeurs om miljeufreonliker te riden.

Trefwurden: 
Arriva gas
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)