Iris en Doutzen: achternichten

The Voice of Holland-winneres Iris Kroes is famylje fan topmodel Doutzen. Dat hat ûndersyk fan Tresoar útwiisd. Iris is it achter-achter-achternichtsje fan Doutzen. De famyljerelaasje giet werom nei 1793, doe't Jan Warners Kroes en Trijntje Bruins mei mekoar trouden yn it Oeriselske Oldemarkt. Fierder docht bliken dat sawol Iris as Doutzen famylje is fan âld-alvestêdeferieningfoarsitter Henk Kroes.