Dioksine yn aaien by Harns

06 sep 2013 - 12:10

Yn de omkriten fan Harns binne aaien fûn mei tefolle dioksine deryn. Ut ûndersyk hat bliken dien dat der safolle giftige stoffen yn sitte dat it net ferantwurde is om se te iten. It ûndersyk is dien yn opdracht fan de politike partij Frisse Wind en útfierd troch de stifting Toxicowatch.

It giet om skarrelaaien fan partikulieren en boeren út Harns, Mullum, Winaam en Kimswert. Neffens miljeugemikus Kees Olie fan de Universiteit fan Amsterdam is it saak dat sa gau mooglik ûndersocht wêr't de dioksine weikomt.

De Provinsje Fryslân seit yn in reaksje dat it tefolle dioksine net goed fynt, mar dat folkssûnens de ferantwurdlikheid is fan gemeente en GGD. Oer de ôffaloven REC yn Harns seit de provinsje dat dy foldocht oan alle noarmen en dat dêrmei de folkssûnens garandearre is. De gemeente bestudearret de resultaten fan it ûndersyk noch.

Trefwurden: 
Harns aaien dioksine
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)