Mear kultuer yn tsjerken

06 sep 2013 - 11:59

It gebrûk fan âlde Fryske tsjerken wurdt hieltyd populêrder. It tal kulturele foarstellings is yn trije jier tiid ferdûbele. Foar dit jier stean fjirtich foarstellings op it programma.

De groei fan it tal foarstellings hat neffens de stichting Alde Fryske Tsjerken ferskate oarsaken. Frijwilligers regelje in soad artysten foar optredens en de aktiviteiten wurde ek nochris folle better bekend makke oan it publyk. Der is in webside en in papieren ferzje fan it programma. Sneon set it nije kulturele seizoen útein yn de tjerke fan Wier.

Trefwurden: 
Alde Fryske Tsjerken
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)