Fiif kear sûnder rydbewiis
De auto fan in 25-jierrige Ljouwerter is tongersdeitenacht yn beslach naam. De man waard foar de fyfde kear trapearre op riden sûnder rydbewiis. Hy hie ek noch tefolle alkohol op.
De plysje sette de auto fan de man oan de kant op de Archipelwei. De autobestjoerder krige proses-ferbaal foar dronken riden sûnder rydbewiis.