Mei handbike Mont Ventoux op

06 sep 2013 - 07:51

Jelmer Kleefstra fan Noardburgum beklimt freed mei trijehûndert oaren de Mont Ventoux yn Frankryk. De 16-jierrige Jelmer docht mei oan de aksje Groot Verzet tegen Kanker, fergelykber mei Alpe d'HuZes. Hy hat sels in spiersykte en fytst dêrom mei in 'handbike'.

Mei in sponsoraksje helle er sa'n 5000 euro op foar de striid tsjin kanker. Syn heit sil him by de beklimming begeliede. Hy rint mei omheech de Mont Ventoux op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)