Friese Meren: troch mei fúzje

24 jan 2012 - 18:57

Binnen trije wike moatte de rieden fan Gaasterlân-Sleat, Skarsterlân en Lemsterlân opnij te set oer de weryndieling. Om de gong yn it fúzjeproses te hâlden, wolle de kolleezjes no de amtlike fúzje wól mei yngong fan 2013 trochsette, mar foar de fúzje op bestjoerlik nivo mear tiid nimme. De trije gemeenterieden woene moandeitejûn gjin beslút nimme oer it weryndielingsplan omdat se mei te folle fragen sitten bleaune. Dy wolle de kolleezjes gau beantwurdzje, yn de hoop dat de rieden dan al ynstimme mei gearfoeging fan de amtnerij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)