Ekstra maatregels Fryske derby

By de noardlike fuotbalderby tusken Sportklup Hearrenfean en SC Cambuur wurde ekstra maatregels naam om foar te kommen dat der supporters fan Cambuur tusken it Hearrenfeanpublyk telâne komme. It risiko derop is benammen grut by sponsors dy't minsken fan bûten meinimme.
It is ien fan de maatregels dy't gemeente, plysje en klups no al ôfpraten hawwe. Ek is ôfpraten dat de supporters fan Cambuur gebrûk meitsje moatte fan de buskomby. It is foar it earst yn 13 jier dat de Fryske twastriid op it programma stiet.
Tongersdeitemiddei wie der yn Ljouwert in massale tarin op de kaartferkeap foar de wedstriid. Al tûzen fan de tolvehûndert kaartsjes gongen oer de toanbank.