ONT ferhiert keunstgersfjild

Keunstgersfjild © Omrop Fryslân
Fuotbalklup ONT út De Pein biedt har keunstgersfjild te hier oan. Op sneon kinne klups dy't troch de droechte net op it eigen fjild spylje kinne, teplak op it keunstgers fan ONT. Der is sneon 7 septimber noch romte om 16.30, 18.30 en 20.30 oerre.
De klup wol sa omlizzende ferienings de kâns jaan om dochs harren wedstriden te spyljen. De hier foar ien wedstriid is fêststeld op 100 euro. Klups mei belangstelling kinne kontakt opnimme mei ONT.