Kijlstra set drone yn

Kijlstra sil oefenje mei drones. © ANP
Kijlstra Ambulânsegroep Fryslân sil by de oefeningen foar meiwurkers gebrûk meitsje fan in leechfleanende drone. It ûnbemande fleantúchje makket bylden fan de oefening om sa meiwurkers better ta te rieden op helpferlieningssituaasjes yn de praktyk. Kijlstra hat dêrmei de primeur yn Nederlân.
De drone sil earst úttest wurde yn in pilot. Dêrnei beslút de ambulânsegroep oft se de drone struktureel ynsette sil by multydissiplinêre oefensituaasjes.