Rendac docht ekstra tsjinst

Rendac rydt in ekstra tsjinst yn ferbân mei it waarme waar
Destruksjebedriuw Rendac sil kommende sneon in kear ekstra troch it lân ride om kadavers op te heljen. Se dogge dat yn ferbân mei it waarme waar. Gewoanwei wurde kadavers dy't freedtenachts nei 2 oere oanmeld wurde, net earder as op moandei ophelle. Mar troch de ekstra tsjinst wurde no ek de kadavers ophelle dy't op freed oant nachts 2 oere oanmeld wurde.
De ekstra tsjinst jildt net foar lytse kadavers dy't yn fetten oanbean wurde, lykas biggen, lammen en plomfee.