Fertutearze fee yn Stynsgea

05 sep 2013 - 14:14

By in man yn Stynsgea hawwe ynspekteurs fan de Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit fertutearze bisten yn beslach nommen. It giet om in ezel, in ponny, in geit en in hingbúkbaarch en fierder om hûnen, katten en kninen.

De man hie de ôfrûne oardel jier meardere kearen de kâns krigen om de leefomstannichheden fan syn bisten te ferbetterjen. Dat hat er net dien. De Stynsgeaer draait op foar de kosten fan de fersoarging fan de bisten.

Trefwurden: 
Stynsgea fertutearze fee
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)