Harns hat sûkerskjin strân

05 sep 2013 - 12:53

It strân fan Harns hat tongersdei it predikaat "zeer schoon strand" krigen. Fan de sjuery fan NederlandSchoon hat Harns in 9,8 as rapportsifer krigen, fan it publyk in 8,3. Opfallend, want it strân stiet bekend om al it slyk dat der fan it Waad oanspielt. En it jout net in hiel skjin gefoel om mei dyn bleate fuotten troch de drek op it strân te stappen.

Wethâlder Maria de Roy is toch grutsk op de titel dy't neffens har te tankjen is oan de fanatike frijwilligers dy't it strân skjin hâlde.

De drek sjocht der miskien net hiel skjin út, mar is in natoerprodukt en de minsken moatte akseptearje dat it swarte sân by it strân fan Harns heart seit de wethâlder. By de yngong fan it strân hinget no in boerd mei fjouwer stjerren en de titel "Zeer schoon strand".

Trefwurden: 
Harns strân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)