Manlju pakt mei stellen boat

Plysje-embleem © ANP
De plysje hat yn de nacht fan woansdei op tongersdei twa manlju út Snits oanhâlden. Dy wurde derfan fertocht dat sy in boatsje en trije bûtenboardmotoaren stellen hawwe. In tsjûge seach dat de manlju yn it wetter by de Parelmoervlinder besochten in boatsje te stellen en warskôge de plysje.
Dy koe de Snitsers oanhâlde en fûn yn it boatsje in bûtenboardmotor en letter ûnder in brêge noch ien. De motoaren binne yn beslach nommen. De fertochten sitte foar fierder ûndersyk fêst.