Gesin It Fean net útsetten

De Ried fan Steat hat dizze wike bepaald dat Claude Bruno Tchakoua net útsetten wurde mei. Tchakoua hat trije bern by in frou fan It Hearrenfean dy't yntusken syn eks-partner is. De bern binne yn ús lân berne, ha de Nederlânske nasjonaliteit en hawwe dus it rjocht om hjir te bliuwen, seit de Ried fan Steat.
De bern binne ôfhinkilik fan de heit en dus mei dy ek bliuwe. De mem kin net foar de bern soargje. De IND hat earder sein dat it feilich is yn Kameroen en dat Tchakoua wol werom kin.
It soe yn it belang wêze fan de Nederlânske Steat dat hy útsetten wurdt. De IND moat no de saak opnij besjen, mar neffens de advokaat fan Tchakoua is de kâns oanwêzich dat de IND de man net mear útset.