Face-lift Van Harinxmakanaal
De provinsje sil ûndersykje hoe't se de opwurdearring fan it Van Harinxmakanaal it bêste betelje kin. It kostet 80 miljoen om it kanaal geskikt te meitsjen foar klasse-4 skippen. Dat kin betelle wurde út de ôfkeapsom dy't de provinsje krigen hat fan it Ryk foar de oername fan it kanaal of út oare potsjes.
In mearderheid yn de steaten fynt dat der net beknibbele wurde mei op ûnderhâld. Benammen it bedriuwslibben hat de winsk om de farwei fan Ljouwert nei Harns op te wurdearjen. It begjint mei achterstallich ûnderhâld, dat 20 miljoen kostet.