Ofslach by Wurdum klear

It earste stik fan de Heak om Ljouwert is sa goed as klear. It giet om de nije op- en ôfritten yn de A32 by Wurdum. Dit wykein moatte der noch in pear lytse wurksumheden útfierd wurde foardat it ferkear der moandei lâns kin. Dat betsjut ek dat de ferkearsljochten by Wurdum ferdwine. Dit moat der foar soargje dat it ferkear tusken Ljouwert en It Hearrenfean better trochride kin.
Neist de op- en ôfritten binne der ek tunnels oanlein ûnder de dyk en it spoar troch. De oanlis fan de ôfritten, de rotonde en tunnel hat goed in jier koste.