Westra krijt foarm werom

04 sep 2013 - 20:10

Hurdfytser Lieuwe Westra hat by de tiidrit yn de Ronde fan Spanje sjen litten dat er syn foarm werom krijt. Westra lei de 39 kilometer lange rit ôf yn in tiid fan 54 minuten en 22 tellen. De tiid wie goed foar in 27e plak. Westra moast 3 minuten en 22 tellen tajaan op de winner Fabian Cancellara. De Switser wûn yn in tiid fan presys 51 minuten. Westra wie sels tige te sprekken oer syn tiidrit. 'Er zit weer power in de benen', sa twittere er.

De Italiaan Vincenzo Nibali giet nei 11 etappes wer oan de lieding.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)