Bouwmeester op medaljekoers
Marit Bouwmeester út Warten leit ek nei de earste twa races fan de gouden float op it EK Laser Radial noch op medaljekoers. Se einige woansdei foar de Ierske kust fan Dublin as fjirde en tredde. Yn it algemien klassemint stiet se tredde mei 24 punten.Thússylster Annalise Murphy giet mei 7 punten stevich oan de lieding. De Britse Alison Young is twadde mei 22 punten.