Drokke talintedei by Cambuur

Mear as twahûndert jonge fuotballers diene woansdei mei oan de talintedei fan SC Cambuur. Jeugdtrainers fan de betelle fuotbalklup joegen de talinten fan de takomst in training. Wylst de âlden op de tribune sieten, seagen trainers en scouts nei de prestaasjes fan de bern. Cambuur hat, no't it yn de earedivyzje sit, wol ferlet fan nije talintfolle spilers yn de jeugdoplieding. Nei ôfrin fan de training krigen de bern in tas mei Cambuurguod kado. Alle dielnimmers krije oer in pear wike te hearren oft se selektearre binne foar de jeugdoplieding.