VVV's op Waad wurkje gear

De bestjoeren fan de VVV's op It Amelân en Skiermûntseach litte ûndersykje oft se mear gearwurkje kinne. De organisaasjes tinke dat se har kennis en ûnderfining bondelje kinne. Derneist sil de gearwurking mei de VVV's op de oare Waadeilannen yntinsivearje. Om't de VVV's ferieningen binne, wurde de ûndersyksresultaten earst foarlein oan de eigen leden.