Bouboeren ha lêst fan droechte

04 sep 2013 - 16:06

Bouboeren ha bot lêst fan de oanhâldende droechte. De fjilden soene eins bereind wurde moatte om de gewaaksen te behâlden en ierappelboeren kinne net rispje. Om de skea sa beheind mooglik te hâlden is it by de measten dus foaral wachtsjen op in bui. In jier lyn stie it lân yn Noardwest-Fryslân splis. No is it trochdroech. In soad gewaaksen wurde dêrom bereind. Neffens lânbou-organisaasje LTO Noard ha de ierappelboeren de measte lêst fan it droege waar. Want ierappels meie troch regeljouwing net bereind wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)