Plysjes wolle hurde oanpak

24 jan 2012 - 15:44

It geweld tsjin de plysje it ôfrûne wykein hat grutte ympakt op it Fryske plysjekorps. Op ynternet litte se witte dat se skjin har nocht hawwe. Se freegje om in hurde oanpak.

De plysje is op syk nei bylden fan Boalsert dêr't de plysje troch 30 minsken belaagd is. Dêr waard in 22-jierrige man oppakt mar de plysje hat yntusken mear fertochten op it each. Yn Kollum binne in heit en soan fan 41 en 17 út Gerkeskleaster oppakt foar it delslaan fan in plysjeman. Se wurde woansdei foarlaat oan de rjochter-kommissaris.

Trefwurden: 
plysje geweld
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)