Rekôr tal besikers Caravana

24 jan 2012 - 13:25

De 52ste edysje fan de Caravana-beurs yn it WTC Expo hat in rekôr tal besikers lutsen. Yn 2010 kamen der 51.000 minsken, yn 2011 52.000 en dit jier komt it oantal út op tusken de 55.000 en 60.000 besikers.

De minsken wiene neffens de organisaasje foaral nijsgjirrich nei de nijste trends op it mêd fan kampearen.

Trefwurden: 
Caravana
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)