Aksjes by A&R Carton yn Snits

24 jan 2012 - 11:57

By it bedriuw A&R Carton yn Snits wurdt woansdei aksje fierd troch ferskate fakbûnen. Oanlieding is dat de ûnderhannelings foar in nije cao yn de GrafiMedia-sektor fêstrûn binne.

De fakbûnen kinne it mar net iens wurde mei de wurkjouwers. De fakbûnen wolle in leansferheging fan 2,5 prosint, mar se wolle foaral dat de bedriuwen ophâlde mei de gefaarlike oplosmiddelen dy't no noch brûkt wurde. A&R Carton makket ferpakkingen foar in grut ferskaat oan produkten.

Trefwurden: 
A&R Carton
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)