Ravaazje op kamping Damwâld

04 sep 2013 - 14:53

In 80-jierrige man út Rotterdam hat mei syn kemper in grutte ravaazje op in kemping yn Damwâld oanrjochte. Hy trape yn in bocht oan de Doniawei op it gaspedaal yn stee fan op de rem. Hy rekke in gebou, in flaggemêst, in blommeperk en kaam úteinlik yn 'e sleat ta stilstân. Net ien rekke ferwûne. De man is op it plak fan it ûngelok troch in dokter neisjoen, hy mankearde neat en is mei de skrik frijkommen. De plysje hat it rydbewiis fan de Rotterdammer ynnommen. Neffens de plysje is de man net by steat om in auto nei behoaren te bestjoeren.

Trefwurden: 
ûngelok Damwâld kemping
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)