Marit Bouwmeester begjint bêst

Marit Bouwmeester is poerbêst begûn oan it silen om de wrâldbeker yn Miami. De wrâldkampioene út Warten waard yn har Laser Radial earste en twadde en hat daliks de kopposysje te pakken. Yn Amearika sylt Marit yn in fjild fan 60 Lasers. Mei har coach Mark Littlejohn is se benammen oan it trainen en de start oan it oefenjen. Dy starts gongen yn de earste races fan dizze twadde wrâldbeker fan it seizoen daliks poerbêst.